Sukses KF Jacob Klaver yn earste keatserswikein
Gert Anne van der Bos, Richard de Graaf en Jan Geert Nutma ha KF Jacob Klaver fertsjinwurdige op de tradisionele Bangma Partij yn Weidum. It hat de letste jierren wol ris wat moeilik west om de twadde omloop te heljen en sa like it ek dit jier te wezen. Easterlittens wie de tsjinstander. In serieuze warming up (op'e fyts fan Mantgum nei Weidum) en de support fan de ferskeidene supporters dienen wunderen. Ús nije oanwinst Gert Anne koe it perk goed fyne en de mannen fan Easterlittens wienen under de yndruk. Richard wienen se yn earste ynstansje miskien minder bang foar, mar sa at wy hearden pakte ek dy ferskillende punten oan'e opslach. De earste omloop waard dan ek wun, wernei se sich klearmeitsje koenen foar de wedstryd tsjin Wytmarsum. In bytsje achter, der wer by, wer wat achter, der wer efteroan.. It mocht net bate: de wedstryd gie ferlern. Mar disse omloop biedt perspektyf! Wy ha fertrouwen en ha no al sin oan de wedstryden op Hemelvaart en Twadde Pinksterdei! Wol bysunder is dat Jan Geert noch wol naam is op de side kaatsen.nl. Dit yn'e kontekst fan in ofkeurde want. Jan Geert, Jan Geert toch.. Mei Oebele Anema yn ús midden hie dit net hoechen toch? Jennie Terpstra en Amarins de Groot komme dit jier beide út yn de famkes kategory fan de KNKB. Se moasten te keatsen nei Goenga en kamen beide mei de tredde priis thús. En dat wylst se net iens yn itselfde partoer sieten. Famkes, lokwinske! Dit biedt wer in soad mogelikheden it kommende seizoen. By de skoallejonges kamen de mannen Ignas Dijkstra en Gjalt de Groot út. Ignas is noch efkes op it sportfjild yn Mantgum west en joech oan dat Gjalt wol kansen hie op in priis. Hysels koe it disse kear net oprêde. Wy ha op'e side fan de KNKB sjoen dat ek Gjalt mei de tredde priis thúskommen is. Op It Hiem dus twa tredde priizen. At dit aasnt ek mei de kransen sa giet, komt de geven gau fol te hingjen. Wy halde it yn'e gaten!
Geplaatst op 04 May 2015